CBR mei gjin nije alkoholslotten oplizze

© Omrop Fryslân
It CBR mei gjin nije alkoholslotten mear oplizze. Dat hat de Ried fan Steat woansdei bekend makke. It oplizzen fan in alkoholslot kin ûnevenredich útpakke foar in bestjoerder om't gjin rekken hâlden wurdt mei de persoanlike omstannichheden.
De útspraak betsjut net dat eardere útspraken oer in alkoholslot weromdraaid wurde moatte. Ek is it CBR no net ferplichte om alle alkoholslotprogramma's op 'e nij te besjen. Neffens de Ried is it oan de minister of de wetjouwer om te beoardieljen yn hokker gefallen it alkoholslotprogramma akseptabel is.
Oant no moasten bestjoerders dy't mei 1.3 oant 1.8 promille alkohol achter it stjoer pakt waarden ferplicht in alkoholslot yn de auto ynbouwe litte. Dienen se dat net, dan rekken se foar fiif jier it rydbewiis kwyt. Ek koenen se noch strafrjochtlik ferfolge wurde. Yn Fryslân ride op elke 10.000 auto's seis mei in alkoholslot.