GGD prikt 12.000 Fryske bern

04 mrt 2015 - 10:03
  • Prik tsjin baarmoederhalskanker

GGD Fryslân is begûn mei it faksinearjen fan alle bern fan 9 jier. Se wurde prikt as beskerming tsjin diftery, tetanus, polio en bof, mûzels, reade hûn, DTP en BMR. It giet om in werhelling fan de prik dy't se as poppe al hân ha.

Ek famkes fan 13 jier wurde oproppen. Se krije de HPV-prik, dy't de kâns op limoerkanker ofwol baarmoederhalskanker lytser makket. De twadde prik dêrfan folget nei de simmerfakânsje. Mei elkoar giet it om 12.000 bern. It prikken bart yn maart en april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)