Nije ideeën opdwaan op beurs Huis en Tuin

Op de beurs Huis en Tuin steane dit jier 170 eksposanten, dat is likefolle as ferline jier. De beurs yn it WTC-Expo yn Ljouwert begjint tongersdei en duorret oant en mei snein. De organisaasje rekkenet op sa'n 25.000 besikers, likefolle as yn 2014.
Op de beurs litte bedriuwen nije saken sjen, lykas in saneamde mantelsoarchwenning. Ek kinne besikers mei in firtuele bril in noch net boude wenning besjen. Derneist is in soad omtinken foar fernijende wenideeën en design.