Sûn iten yn fuotbalkantine VV Hearrenfean

04 mrt 2015 - 08:18

Yn de fuotbalkantine fan VV Hearrenfean kinne minsken tenei ek sûn iten bestelle. Sportpresintator Wilfred Genee jout dêr woansdei de ôftraap foar syn sûnensprogramma 'Vullen of Voeden.'

Mei it programma wol Genee sportkantines sa fier krije dat se neist snacks ek sûner iten lykas salades en ambachtlike sop oanbiede. VV Hearrenfean is de earste Fryske klup dy't meidocht. Lanlik dogge al 50 kantines mei oan dizze aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)