Grou docht mei oan Kulturele Haadstêd 2018

Grou docht mei oan de Kulturele Haadstêd 2018. In wurkgroep is fan doel om yn de simmer fan 2018 in teaterstik op 'e planken te bringen oer de bruorren Halbertsma. Dizze bruorren libben yn de 19de ieu en hiene grutte ynfloed op de ûntwikkeling fan Grou en fier dêrbûten. It giet dan om de kultuer, de hannel en de medyske wrâld. Bekend is al dat it stik heal op it wetter tsjinoer Hotel Oostergo opfierd wurdt.
Ek de titel is al bekend: Gabe Skroar, in personaazje út it boek Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma.
Dêrneist komme der lêzings oer de ynfloed fan de Halbertsma's en wol de wurkgroep in spesjaal lesprogramma ûntwikkelje foar alle Fryske basisskoallen. Dêroer binne de kommende moannen petearen mei de Afûk.