File troch ûngelok op A31 by Dronryp

03 mrt 2015 - 21:09

Troch in botsing op de A31 by Dronryp hat de dyk tiisdeitejûn in skoft ticht west. In bestelauto, bestjoerd troch in frou fan 24 út Hjerbeam, wie nei it ynheljen yn botsing kaam mei in bedriuwswein mei in hynstekarre derachter. De bedriuwswein waard bestjoerd troch in frou fan 41 út Marsum. Se moast nei it sikehûs.

De oanhingwein dêr't it hynder yn stie, rekke folslein fernield. It hynder dat nei de botsing oer de dyk rûn, rekke ferwûne oan de skonken. Automobilisten dy't út Frjentsjer kamen, moasten omride. Der wie in file.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)