Fryske media komme mei ferkiezingsside fryslankiest.nl

Logo Fryslân Kiest
De trije grutte media yn Fryslân ha wer in mienskiplike ferkiezingsside mei dêrop al harren nijs oer de provinsjale steateferkiezings fan 18 maart. De side www.fryslankiest.nl is in inisjatyf fan it Frysk Deiblêd, de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân.
Neist nijs en reportaazjes is der in oersjoch fan alle partijen dy't meidogge, tweets fan provinsjale politisy en partijen en in aginda mei ferkiezingsaktiviteiten.