Tsien miljoen provinsje foar 'oanfalsplan eksport'

03 mrt 2015 - 15:43
  • Hans Konst en ûndernimmer Jos Paques by de presintaasje fan it oanfalsplan

It tal Fryske bedriuwen dat guod ferkeapet oan it bûtenlân moat yn de kommende fjouwer jier ferdûbelje. De provinsje lûkt 10 miljoen euro út foar in oanfalsplan dat de bedriuwen dêr by helpe moat. Sa krije ûndernimmers help as se plannen hawwe om mei harren produkt de grins oer te gean. Ek wol de provinsje dat ûndernimmers inoar bystean troch ûnderfinings te dielen.

Op dit stuit is mar 7 persint fan de Fryske bedriuwen yn it bûtenlân aktyf. Neffens deputearre Hans Konst soe dat oer fjouwer jier 14 % wêze moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)