Hege Ried: drankriders net dûbeld straffe

03 mrt 2015 - 14:05

Ien dy't mei drank op achter it stjoer pakt wurdt, mei njonken in alkoholslot net nochris in oare straf krije. Dat hat de Hege Ried tiisdei bepaald. Yn Fryslân wachte in grutte groep drankriders op dizze útspraak. Der is hieltyd mear ferset tsjin it djoere alkoholslot, dat troch it CBR oplein wurdt. Mei sa'n slot moatte je in blaastest dwaan foar't je ride kinne.

Dêrnjonken waarden autobestjoerders ek strafrjochtlik ferfolge. De Fryske rjochtbank hie útspraken yn dizze saken al tydlik stopset.

Yn Fryslân binne ferline jier noch 46 alkoholslotten ynboud. Ek de Ried fan Steat sil har woansdei noch útsprekke oer it alkoholslot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)