ANBO: gemeenten wurkje net goed mei oan oanpassen wente

03 mrt 2015 - 12:31

Gemeenten dogge te min har bêst om âlderen te helpen, dy't har hûs oanpasse wolle mei bygelyks in treplift of in oanpaste dûs. Dat docht bliken út ûndersyk fan âldereinbûn ANBO. Dêr ha Achtkarspelen, Harns en Skylge ek oan meidien. Ut it ûndersyk docht bliken dat Achtkarspelen wurke hat oan in goed belied, sadat se âlderen dêr helpe kinne. Der is jild beskikber foar oanpassings. En de gemeente hat goed yn byld hoefolle senioarewenten as der binne, mochten minsken har hûs net oanpasse kinne.

Harns hat de saken folle minder goed regele.

Harns hat gjin jild reserveard om huzen foar âlderen oan te passen, sadat dy der langer wenjen bliuwe kinne, docht bliken út it ûndersyk fan de ANBO.

Trefwurden: 
ANBO treplift oanpassings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)