Noch 25 kavels beskikber yn Peinder Mieden

De Peinder Mieden © Omrop Fryslân, Geale Groen
Op it gemeentehûs fan Drachten is de definitive kavelkaart foar de Peinder Mieden fêststeld. Neffens de kaart binne noch 25 fan de 44 kavels beskikber. Der wurdt al sûnt jannewaris 2013 wurke oan in nij konsept foar it gebiet tusken Drachten en De Pein. Njoggentich bunder agraryske grûn wurdt ûntwikkele ta natoergebiet.
Yn it gebiet is romte foar op syn meast 44 huzen op kavels fan tûzen kante meter. Takomstige bewenners wurde net allinnich eigener fan in kavel, mar ek mei-eigener fan it folsleine natoergebiet.