Dûkers brânwacht sykje om bûsehifker oan de Foarstreek

03 mrt 2015 - 11:13
  • Dûkers fan de brânwacht dwaande mei de sykaksje oan de Foarstreek

Dûkers fan de brânwacht hawwe tiisdei betiid yn de grêft lâns de Foarstreek yn Ljouwert nei in bûsehifker socht. De man hie op it Waachplein in frou (19) út Ljouwert berôve fan har beurs. In freon fan de frou efterfolge de bûsehifker en krige him op de Foarstreek te pakken. De dief bedrige syn efterfolger mei in mes. Dy joech him in triuw, wêrnei't de dief yn it wetter foel.

De plysje warskôge de brânwacht. Dy socht yn it wetter, mar fûn neat. Der is wol in wiet plak op strjitte fûn. Nei alle gedachten is de dief dêr út it wetter stapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)