Mar bytsje sjoggers nei debat op NPO mei Fryske listlûkers

De tolve dielnimmers oan it ferkiezingsdebat fan de NOS © ANP
It ferkiezingsprogramma Nederland Kiest fan de NOS mei ûnder oare de Fryske listlûkers Jannewietske de Vries (PvdA), Sander de Rouwe (CDA) en Johannes Kramer (FNP) hat moandei 359.000 sjoggers lutsen. Yn it programma kamen tolve provinsjale listlûkers oan it wurd oer saken as enerzjy, feiligens en wurkgelegenheid. It wie foar it earst dat de NOS provinsjale listlûkers mei-inoar diskusjearje liet.
Mei noch gjin 400.000 sjoggers falt it debat lykwols bûten de top 25 fan bêst bestjoene programma's fan moandei.
It NOS Journaal fan 20.00 oere (2,3 miljoen sjoggers), Droomhuis Gezocht (1,9 miljoen) en Goede Tijden Slechte Tijden ( 1,8 miljoen) lutsen folle mear sjoggers as it tv-debat mei de Fryske listlûkers. It debat mei de listlûkers út de Earste Keamer luts in wike lyn noch mear sjoggers. Dat waard troch 738.000 minsken besjoen.