Finansjele warskôging KH 2018 fan boargemaster Aboutaleb

02 mrt 2015 - 23:26

Begjin mei in basisprogramma dat je mei publyk jild útfiere kinne. Alles wat je dêrnei mei sponsorjild betelje kinne, is ekstra. Dat is ien fan de lessen fan boargemaster Ahmed Aboutaleb fan Rotterdam foar Ljouwert as Kulturele Haadstêd 2018.

Rotterdam wie yn 2001 kulturele haadstêd fan Europa. Doe foel de reewilligens fan bedriuwen om te sponsorjen ôf. Aboutaleb warskôge dêr moandeitejûn foar yn Ljouwert op in gearkomste nei it model fan it programma College Tour. De jûn waard organisearre troch de PvdA en hegeskoalle NHL.

Boargemaster Aboutaleb wie ferline wike noch yn Washington om te praten oer de oanpak fan radikalisearjende moslims. Neffens him is dat net allinnich in probleem fan de grutte stêd. Op it plattelân moatte minsken ek wach wêze foar soks. Dat hawwe de oanslaggen yn Frankryk wol sjen litten, fynt Aboutaleb. It feit dat twa famyljes út it doarp Huizen nei Syrië reizgje woene, seit dat dit soarte saken net allinnich yn stêden spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)