Twa nije fertochten yn ûndersyk ynbraken Frjentsjer

02 mrt 2015 - 22:32
  • Ynbraak

It ynbraketeam fan de plysje hat twa nije fertochten oanholden yn it ûndersyk nei de searje ynbraken yn Frjentsjer. It giet om twa 14-jierrige ynwenners fan Frjentsjer. It binne de sechsde en sânde fertochte yn de saak.

Earder waarden al fjouwer oare jongeren fan 14, 15, 16, 18 jier en en ien fan 25 jier oanholden. Se wurde fertocht fan tolve ynbraken en ferskate fernielings oan bushokjes en auto's. De ynbraken waarden de ôfrûne moannen dien yn huzen en sportkompleksen yn ûnder oaren Frjentsjer, Hitsum en Berltsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)