Ferlies Jong Hearrenfean by Jong AZ

02 mrt 2015 - 21:00

Jong Hearrenfean koe it moandeitejûn net oprêde yn Alkmaar tsjin Jong AZ. It waard 3-0 foar de thúsploech. Yn de earste helte wiene beide ploegen oaninoar weage. Krekt foar it skoft makke Muamar Tankovic de 1-0. Doe't AZ-keeper Sergio Rochet nei in oere in reade kaart krige, koene de Feansters net profitearje. Derrick Luckassen soarge yn de lêste tsien minuten foar de 3-0 einstân.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)