Digitaal ûndersyk nei demintearjende âlderein yn Fryslân

02 mrt 2015 - 20:32

Soarchorganisaasjes yn Fryslân dogge digitaal ûndersyk nei hoe't demintearjende âlderen langer ferantwurde thús wenjen bliuwe kinne. Oan it projekt 'Leefstijlmonitoring in de Zorg' meie hûndert minsken yn Fryslân fergees meidwaan.

Undersikers gean mei sensors yn de wenning nei hoe't thúswenjende âlderen bewege en libje. De sensors wurde oanbrocht yn romtes dêr't minsken geregeld komme, lykas de keuken, baaikeamer en sliepkeamer.

Op dy wize krije de ûndersikers ynformaasje oer it sliep- of hygiënepatroan en kinne feroarings yn dy patroanen op 'e tiid opmurken wurde. De gegevens binne ek troch famyljeleden en mantelsoargers te rieplachtsjen. Oanmelde foar it projekt kin fia www.livind.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)