Omrop TIP: 'Lit my mar gewurde' oer Rense Westra

02 mrt 2015 - 17:42

Omrop Fryslân werhellet moandeitejûn om 21.20 oere de dokumintêre 'Lit my mar gewurde' dy't programmamakker Piter Tjeerdsma yn 2000 oer Rense Westra makke. De akteur ferstoar moandei op 68-jierrige leeftiid. Yn de dokumintêre fertelt de akteur iepenhertich oer syn alkoholprobleem en hoe't er de striid tsjin de drank by eintsjebeslút wûn.

It wie yn dy tiid dat regisseur Steven de Jong him frege foar de haadrol yn de film De Gouden Swipe. It wie it begjin fan in lange tv-karriêre mei rollen yn soapsearjes as Westenwind en Baas Boppe Baas.

Yn de dokumintêre ek omtinken foar de begjintiid fan de karriêre fan Westra by Tryater, dêr't er foaral bekend waard mei syn rol yn Richard III.

Trefwurden: 
Rense Westra Omrop Tip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)