Nije gemalen polder Nieuwkruisland by Kollumerpomp

02 mrt 2015 - 17:09

De polder Nieuw Kruisland by Kollumerpomp hat nije gemalen krigen. De polder is 660 bunder grut. Wetterskip Fryslân hat de trije âlde gemalen opromme en 1.6 miljoen euro stutsen yn twa gemalen mei mear kapasiteit. De skroef fan it gemaal Nieuw Kruisland by Muntsjesyl mealt 50 kubike meter wetter yn de minút fuort en de fisk wurdt skeafrij meinommen de boezem yn.

De nije gemalen draaie op elektrisiteit. Se slaan automatysk oan as it wetterpeil te heech wirdt. By in stroomsteuring kin der gebrûk makke wurde fan in wynmûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)