Learlingen krije Sineeske les op Ljouwerter Lyseum
Learlingen fan de earste klasse fan it Ljouwerter Lyseum krije fan tiisdei ôf harren earste les Sineeske taal en kultuer. Leararen fan it Conficius Institute út Grins jouwe acht wiken lang alle tiisdeimiddeis les.
Neffens de skoalle wurdt Sina as lân belangriker en is it dêrom goed it lân en de taal kennen te learen.