Provinsjebestjoerders meast bekend by Friezen

02 mrt 2015 - 13:47

Fan alle Nederlanners kenne de Friezen it bêste harren provinsjale bestjoerders. Dat docht bliken út ûndersyk fan de NOS mei it each op de ferkiezings foar provinsjale steaten.

Ien op de trije Friezen wit wol in namme fan in steatelid. By Grinslanners, Sieuwen en Limboargers is it krekt wat minder. Yn de Rânestêd ken hast gjinien in lid fan provinsjale steaten. De enkête fan de NOS is de opmaat nei it debat fan tolve provinsjale listlûkers, moandeitejûn te sjen op televyzje om 20.25 oere op NPO 2.

Foar Fryslân docht listlûker Johannes Kramer fan de FNP mei en Jannewietske de Vries fan de PvdA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)