Stroomsteuring treft tûzenen húshâldens op It Hearrenfean
Sa'n 4.000 húshâldens yn parten fan It Hearrenfean en guon doarpen yn de omkriten hawwe moandei tusken de middei hast in oere sûnder stroom sitten. Dat lit netwurkbehearder Liander witte. Monteurs ha de steuring wer ferholpen.
Wat de oarsaak fan de steuring wie, is noch net bekend.