Ynwenner Kollumerlân oppakt foar bedriging oerbuorman
De plysje hat sneintemiddei in 33-jierrige man út de gemeente Kollumerlân oanhâlden, nei't dy in buorman tsjinoer him bedrige hie. Doe't de plysje deroan kaam, naaide de fertochte út. Nei telefoanysk kontakt kaam de man werom nei syn hûs, dêr't er oanhâlden waard.
De man sit noch fêst om heard te wurden oer de saak. De oanlieding fan de rûzje is net bekend.