Fertochte Antonio van der P. fergetten op te heljen

Antonio van der P. en Enise B. foar de rjochter yn Assen © Omrop Fryslân
De rjochtsaak tsjin Antonio van der P. fan De Harkema en syn freondinne Enise B. is 2,5 oere letter begûn as de bedoeling wie. Dat komt trochdat Van der P. net op transport nei de rjochtbank yn Assen set is. Hy moast út de finzenis yn Zwolle weikomme dêr't er fêstsit. It hûs fan bewar dêr soe in flater makke hawwe, seit justysje.
Van der P. en syn freondinne Enise B. stean foar de rjochter foar ûnder oare besykjen ta moard, bedriging en ôfparsing. De rjochtbank tinkt de hiele wike mei de saak dwaande te wêzen.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach op Twitter.
twitter
Tweets door @zeldenrust007
!function(d,s,id){var js,fjs=d.getElementsByTagName(s)[0],p=/^http:/.test(d.location)?'http':'https';if(!d.getElementById(id)){js=d.createElement(s);js.id=id;js.src=p+"://platform.twitter.com/widgets.js";fjs.parentNode.insertBefore(js,fjs);}}(document,"script","twitter-wjs");