CDA grutste fraksje yn peiling Maurice de Hond

Stimme © ANP XTRA
It CDA wurdt nei de ferkiezings fan 18 maart de grutste fraksje yn provinsjale steaten. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Maurice de Hond yn opdracht fan de partij sels. It CDA giet fan acht nei njoggen sitten en wurdt dêrmei de grutste fraksje.
De PvdA soe ferlieze. De no noch grutste fraksje giet fan alve nei sân sitten. Neist de PvdA moat de VVD ek ynleverje, fan seis nei fjouwer sitten. D66 giet fan twa nei fjouwer sitten. De PVV en de FNP gean beide fan fjouwer nei fiif sitten. De rest fan de fraksjes bliuwt gelyk.
It CDA is bliid mei de útkomst fan it ûndersyk fan Maurice de Hond, mar tekenet der sels by oan dat de ferkiezingskampanjes noch begjinne moatte.