Brantsje yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert

02 mrt 2015 - 11:26

Yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert hat moandeitemoarn koarte tiid brân west. De brân ûntstie yn in technyske romte op de boppeferdjipping. Meiwurkers slaggen der sels yn it fjoer út te meitsjen. Alle oare meiwurkers moasten it gebou út.

De manmachtich optrommele brânwacht ûndersiket it gebou. It is noch net bekend hoe grut oft de skea is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)