Siler Pieter-Jan Postma wint wer yn Nij-Seelân

01 mrt 2015 - 13:45

Finnsiler Pieter-Jan Postma pakte snein it goud by de Sail Auckland yn Nij-Seelân. Sail Auckland is de grutste regatta foar Olympyske en Paralympyske klassen. Postma is al in skoftke fanatyf oan it trainen yn Nij-Seelân as tarieding op it Eurpeeske sylseizoen.

Ein jannewaris wie de Finnsiler út Ljouwert ek al de bêste by de South Island Championships yn Nij-Seelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)