Jonges (17) oanholden foar mishanneling fan kondukteur

01 mrt 2015 - 13:18

De plysje hat snein twa jonges fan 17 jier oppakt út Ljouwert en de gemeente Menameradiel. Op de Hollanderdyk yn Ljouwert mishannelen se sneontenacht in 48-jierrige treinkondukteur. De kondukteur hie it twatal earder op de jûn yn de trein fan Swolle nei Ljouwert in boete jûn omdat se harren misdroegen.

Yn de buert fan it treinstasjon krige de kondukteur klappen fan it duo. In oare kondukteur koe yngripe. It slachtoffer moast nei it sikehûs foar behanneling fan syn ferwûnings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)