Ljouwerter pakt mei pistoal en GHB

01 mrt 2015 - 13:06

In Ljouwerter fan 47 jier is sneontejûn yn syn wenplak oanholden foar wapenbesit. De man ried op syn scooter oer de Lekkumerwei en koe him by in kontrôle net legitimearje. Doe die bliken dat de man in fjoerwapen en munysje by him hie. Ek hie er in flesse mei GHB by him. Al it guod is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)