Nûmerboerd liedt plysje nei Ljouwerter drankrider

01 mrt 2015 - 13:03

In 42-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein oanholden om't er mei drank op efter it stjoer siet en dêrby twa oanridingen feroarsake. Nei de ûngelokken ried de man troch. Om trije oere hinne botste er mei syn auto op it Noardvliet tsjin in parkearde auto. Doe't de fertochte efterút ried, knalde er op in taksy. Dêrnei naaide er út.

Om't syn nûmerboerd op strjitte lizzen bleau, koe de plysje de man rap oanhâlde. Syn auto is yn beslach naam. De man wegere op it plysjeburo om mei te wurkjen oan in alkoholtest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)