Kuorballer Erwin Zwart rint swiere skouderblessuere op

01 mrt 2015 - 12:37

Kuorballer Erwin Zwart fan LDODK is sneontemiddei blesearre rekke by de wedstriid tsjin koprinner PKC. Yn de njoggende minút rûn de topskoarder in skouderblessuere op en koe net fierder. Ut ûndersyk yn it sikehûs moat moandei bliken dwaan wat him krekt mankearret. Der wurdt freest foar in skuor yn in pees of spier. Yn dat gefal komt Zwart dit seizoen net mear yn aksje yn de League.

LDODK hat noch trije wedstriden op it programma, wêrfan't kommende sneon krúsjaal wurdt yn de striid om it feilige achtste plak. Dan spilet LDODK tsjin OVVO.

LDODK ferlear de wedstriid tsjin PKC yn Papendrecht sneontemiddei mei 33-21.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)