Jorrit Bergsma tredde yn finalewedstriid fan Maraton Cup

01 mrt 2015 - 11:08

Jorrit Bergsma is sneon tredde wurden yn de Maraton Cup finale yn Amsterdam. Op de Jaap Edenbaan gong de winst oertsjûgjend nei Ingmar Berga. De Drint pakte in foarsprong fan trije rûntsjes en koe de finalewedstriid ienfâldich útride. It twadde plak wie foar Simon Schouten, dy't Jorrit Bergsma foar wist te bliuwen. Maratonrider Bob de Vries fan De Haule wie ferline wike al wis fan de einoerwinning yn de Maraton Cup.

By de froulju gong de winst sneon nei Mariska Huisman. Ek Huisman wie ferline wike al wis fan de einwinst yn de Maraton Cup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)