Frou út It Bilt rydt mei auto foartún yn

01 mrt 2015 - 10:51

In 44-jierrige frou út de gemeente It Bilt is sneontemoarn mei har auto de foartún fan in wenning yn de Sassenheimstrjitte yn Sint Anne ynriden. De frou waard net goed en botste tsjin in beamke en dêrnei tsjin in auto dy't by de wenning parkeard stie.

Uteinlik kaam de auto fan de frou ta stilstân yn de foartún fan it hûs. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)