Fryske brânwacht tefreden oer eigen organisaasje

De nije brânwachtauto's waarden sneon presintearre yn Snits © Stefan Postema
De frijwilligers fan de brânwacht yn Fryslân beoardiele harren organisaasje mei in 7,3. Dat docht bliken út in tefredenheidsûndersyk ûnder de meiwurkers. Gearwurking en dúdlikens oer de taken skoare it heechst. It jaan fan ynformaasje en feedback fan liedingjaanden binne de grutste ferbetterpunten.
By in enkête ûnder de beropsmeiwurkers kaam in sifer fan 7,4 út de bus. Ek dêr skoart gearwurking heech. Wol hawwe de brânwachten in soad stress fan it omgean mei kompjûterprogramma's en kompjûtersystemen.
Fan de goed 1100 brânwachtmeiwurkers diene mear as 350 minsken mei oan it tefredenheidsûndersyk.