Mooglik brânstichting yn skuorre Snits

01 mrt 2015 - 10:07

De plysje ûndersiket in brân yn in skuorre oan de Corneliusstrjitte yn Snits. It fjoer ûntstie yn de nacht fan sneon op snein om fjouwer oere hinne. De brân begûn nei alle gedachten by in kontener. Dy stie tsjin de skuorre oan.

De skuorre is folslein útbaarnd. De plysje hâldt rekken mei brânstichting en docht fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)