Frou fermist nei brân yn skuorre by wenning Kollumersweach

01 mrt 2015 - 09:53

Nei in brân yn in skuorre by in wenning oan de Foarwei yn Kollumersweach, wurdt de 41-jierrige bewenster fermist. Dat meldt de plysje. De brân ûntstie sneontenacht om twa oere hinne yn de lossteande skuorre. Doe't de plysje de bewenners alarmearre, seine se dat de frou mooglik noch yn de skuorre wie. Op dat stuit sloegen de flammen al út it dak.

De brânwacht hat it fjoer blust. De plysje ûndersiket sneintemoarn de restanten fan de skuorre, om te sjen oft der in lichem leit. Der wurdt ek noch ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân.

By de brân is asbest frijkaam. Boppedat kaam in plysje-auto fêst te sitten yn in greppel. De auto moast der troch in bergingsbedriuw úthelle wurde.

Trefwurden: 
brân Kollumersweach skuorre
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)