Cambuur wint fertsjinne mar benaud fan Heracles Almelo

28 feb 2015 - 22:34
  • Sander van de Streek

SC Cambuur hat de njoggende winst fan it seizoen te pakken. Yn Ljouwert waard Heracles Almelo mei 1-0 ferslein. Sander van de Streek wie yn de 19e minút it einstasjon fan in moaie Cambuur oanfal. Daliks dêrnei wie de wedstriid dien foar Sinan Bytyqi en Mohamed El Makrini. Beide spilers moasten mei in blessuere nei de kant. In better Cambuur koe gjin dien wurk meitsje en dêrom bleau it spannend. Ek Furdjel Narsingh koe de wedstriid net útspylje. Cambuur stiet mei 33 punten op it njoggende plak yn 'e earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)