UNIS Flyers nei tredde winst op Geleen hast finalist

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha ek de tredde heale finalewedstriid tsjin Geleen wûn. It waard 6-2. Yn de earste perioade like it der net op. It tempo fan thúsploech Flyers wie te leech en der siet ek net genôch grimmitigens yn it spul. De 1-0 efterstân waard yn de twadde perioade rom goedmakke troch goals fan Ronald Wurm, Kevin Nijland (2), Marcel Kars, Marco Postma en Joey Oosterveld. Yn de lêste perioade fûn allinne Geleen noch ien kear it net. By winst sneintejûn yn Geleen is UNIS Flyers finalist.