Follybalsters Snits winne mei 3-0 fan Set-Up

28 feb 2015 - 21:13

Nei it ferlies yn de bekerfinale in wike lyn en ek ferlies yn de earste wedstriid fan de kampioensgroep hiene de follybalfroulju fan Snits it sneontejûn net al te dreech tsjin Set-Up '65. Nei in stroef begjin waard yn de Snitser sporthal de earste set mei 25-19 wûn. Ek de twadde gong mei 25-15 nei Snits. It waard in 3-0 oerwinning trochdat de froulju fan trainster Petra Groenland de tredde set mei 25-23 wûnen.

Snein yn Hjoed is in ferslach te sjen fan de oerwinning fan de Snitser follybalfroulju.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)