Harkemase Boys ûnderút by AZSV

28 feb 2015 - 16:29

Harkemase Boys ferlear sneon mei 2-0 fan AZSV. Yn it Gelderske Aalten hie Heine Uuldriks de iepeningstreffer op 'e skoech, mar syn skot waard keard troch de latte. Foar rêst krige AZSV in knappe kâns, mar in rêding fan keeper Erick Jansema foarkaam de 1-0.

Nei rêst duorre it lang foardat de iepeningstreffer foel. In kertier foar de ein fersulvere de thúsploech in strafskop. Boppedat moasten de Harkiten mei tsien man fierder nei twa kear giel foar Adams Sarkodie. AZSV profitearre optimaal troch 4 minuten foar de ein de 2-0 te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)