Drachtster Boys pakt wichtige punten tsjin WHC

Drachtster Boys die sneon goede saken yn de striid om liifsbehâld troch mei 3-0 te winnen fan de nûmer ien nei lêst WHC. Op eigen fjild sette Sicco Bouwer de Drachtsters nei in healoere spyljen op foarsprong. Hy koe in foarset fan Kevin Bakels yn de 33e minút binnenwurkje. Nei rêst soarge dyselde Bakels tsien minuten foar de ein foar de ferlossende twadde Drachtster treffer. Willem de Jong fersulvere yn de slotminuten in strafskop en tekene dêrmei foar de einstân.
Troch de winst komt Drachtster Boys op 18 punten út 16 wedstriden.