Partijen op en paad om kampanje te fieren

De kampanjes foar de Steateferkiezings begjinne hieltyd mear op gong te kommen. Sa flyeret listlûker Sander de Rouwe fan it CDA sneon yn syn wenplak Boalsert, de FNP yn Smellingerlân, is de ChristenUnie op kampanje yn Haulerwyk en Diederik Samsom en Jannewietske de Vries binne sneontemiddei by Wetsus yn Ljouwert.
Yn Fryslân dogge mar leafst 14 partijen mei oan 'e Steateferkiezings, dy't op woansdei 18 maart holden wurde. Dan binne ek de Wetterskipsferkiezings.
Lanlike partijen stjoere yn de kampanje foar de Steateferkiezings faak har promininte politisy de provinsjes yn. De Frysk Nasjonale Partij giet dêrfoaroere krekt it lân yn. Yn de grutte provinsjestêden troch it hiele lân komme FNP-posters te hingjen, mei it boadskip: minder Den Haach en mear provinsje.
De partij set dêrmei yn op mear stimmen foar de OSF, de Onafhankelijke Senaat Fractie. Yn dy fraksje wurkje provinsjale partijen gear yn de Earste Keamer. De FNP hopet dat se mei mear sitten yn de Senaat in beslissende stim krije kinne yn lanlike beslútfoarming.