Ljouwerter rint brutsen noas oan nei kopstjit

© ANP
Yn Ljouwert hat de plysje freedtenacht in 25-jierrige man út Zwolle oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er in man yn in kafee oan it Ruterskertier in kopstjit jûn hat. It slachtoffer, in man fan 22 jier út Wolvegea rûn in brutsen noas op. De fertochte joech de kopstjit nei't de Fries tsjin de man oanrûn wie. Doe't er syn ekskús dêrfoar oanbea, waard er rekke. De fertochte is meinaam foar ferhoar.