Podden en kikkerts krije help by oerstekken by De Himrik

Op de Poostweg tusken Beetstersweach en De Himrik binne frijwilligers de kommende wiken wer drok dwaande mei it oersetten fan podden en kikkerts. Om foar te kommen dat de amfibyen troch foarbyridende auto's en frachtweinen deariden wurde.
De frijwilligers hoopje dat se ek dit jier wer in soad beskerme heikikkerts nei de oare kant fan de dyk bringe kinne. Freed hienen se in rekôr mei twahûndert oersettings. Om't it myld en wiet waar is, is de trek earder as foarich jier. De bisten ha de maitiid yn 'e holle en wolle nei de Wite Mar.
Frijwilligers ha skermen en amers pleatst om foar te kommen dat podden de dyk oerstekke. Alle dagen rinne de frijwilligers by de amers del om te sjen oft der podden en kikkerts ynsitte.