Stil protest aaisikers by Omrop Fryslân

28 feb 2015 - 07:43

In stil protest sneontemoarn by Omrop Fryslân. By de yngong is in spandoek ophongen mei de tekst 'Sûnder aaisikers gjin greidefûgels.' It protest hat nei alle gedachten te krijen mei de enkête dy't Omrop Fryslân en EenVandaag earder hâlden. Ut dy enkête die bliken dat in mearderheid fan de Friezen it in goede saak fynt dat it ljipaaisykjen dit jier ferbean is yn ús provinsje.

Der kamen earder al in soad reaksjes binnen by de Omrop fan minsken dy't it net iens binne mei de útkomsten fan it ûndersyk, dat ûnder 1100 Friezen hâlden is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)