SC Hearrenfean wol net meidwaan oan nije fuotbalpiramide

SC Hearrenfean wol net meidwaan oan de nije fuotbalpiramide. De KNVB stimde yn mei it plan om in nije laach - de saneamde lanlike divyzje - tusken de Jupiler League en de topklasse oan te bringen. Op dit stuit kinne ploegen yn de Jupiler League net degradearje, omdat klups út de topklasse net promovearje wolle. Troch ploegen út de beloftekompetysje ta te foegjen oan de lanlike divyzje, moat de trochstream fan jong talint ferbettere wurde.
SC Hearrenfean wol hjir lykwols net oan meidwaan, omdat de klup praktyske en finansjele beswieren hat.
Neffens Hearrenfean is it hast ûnmooglik om twa folweardige alvetallen op te stellen yn ien wykein. Boppedat is it net goed foar it fuotbalfjild om twa kear yn ien wykein op it gers te spyljen. Ek is Hearrenfean benaud dat der hast gjin minsken nei de wedstriden komme sille.
Foar 1 maart sil Hearrenfean de beswieren trochjaan oan de KNVB. Ek oare fuotbalklups binne tsjin it plan foar de nije fuotbalpiramide, seit foarsitter Jelko van der Wiel.