Undersiken by Europaplein yn Ljouwert

27 feb 2015 - 18:49

Op it Europaplein wurde fan moandei ôf twa wiken lang in oantal ûndersiken útfierd. Sa wurde der meunsters naam fan it grûnwetter, de boaiem en it asfalt. It ûndersyk wurdt holden yn it ramt fan de opknapbeurt dy't de rotonde krijt.

Moandeitejûn binne boppedat de tekeningen fan it definitieve ûntwerp foar it nije Europaplein yn te sjen. De tekeningen hingje yn skoalle Piter Jelles yn Westeinde. Ek is it projektteam oanwêzich om fragen te beantwurdzjen. Ynkoarten is de omjouwingsfergunning op it stedskantoar yn te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)