Himpkwekerij yn Twizelerheide oprôle

27 feb 2015 - 18:17

De plysje hat freedtemiddei in himpkwekerij oan it Tsjerkepaed yn Twizelerheide oprôle. De plysje trof yn de hûs de 47-jierrige bewenner en syn 18-jierrige soan oan. By de skuorre troffen se ek noch twa mannen út Twizelerheide (22 en 26 jier) oan. Se wienen mei de rispinge dwaande.

De plysje waard tipt oer in mooglike kwekerij yn de skuorre efter it wenhûs. Yn de skuorre waarden 80 himpplanten oantroffen. De planten en apparatuer binne yn beslach naam. De plysje fûn ek in luchtbuks en trije messen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)