'Lunenborg makket misbrûk fan personiel'

27 feb 2015 - 16:22

Plus supermerk Lunenborg yn Harns makket misbrûk fan syn meiwurkers. Dat seit Gea Lotterman fan fakbûn FNV Hannel. Supermerkeigener Maurice Lunenborg soe sjoemelje mei oeren fan it personiel en yntimideare. Neffens Lotterman hawwe se kontakt hân mei Lunenborg en is de situaasje dêrnei net better wurden. It fakbûn wol dêrom de saak no by de arbeidsynspeksje dellizze.

Lunenborg ûntkent alles wat der sein wurdt troch it fakbûn en dat der fierder gjin problemen binne.

Trefwurden: 
FNV Lunenborg Plus supermerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)