Soad fraachtekens by SC Hearrenfean

27 feb 2015 - 14:09
  • Joey van den Berg

Coach Dwight Lodeweges moat noch flink puzzelje om ta in opstelling te kommen foar de wedstriid tsjin Excelsior. Hearrenfean hat snein net de beskikking oer de skorste Marten de Roon en de blessearre Sam Larsson. Lerin Duarte hat lêst fan syn hamstring, mar hat dizze wike wol wer meitraind. Joey van den Berg is noch altyd blessearre en hat noch net wer meitraind, mar neffens Lodeweges kin it wêze dat hy sneon wol meitraint. Veerman hat ek wat pyntsjes.

Hearrenfean spilet snein yn Rotterdam om 12.30 tsin de nûmer 14 fan de earedivyzje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)